Bysûndere spoarwurksumheden tagonklik foar publyk

19 feb 2019 - 07:43

De kommende dagen wurde twa spoartunnels pleatst yn it trajekt tusken Ljouwert en Bûtenpost. It giet om in fyts- en fuotgongerstunnel yn de Goddeleaze Singel by Feanwâlden en de ferkearstunnel by Hurdegaryp. Om it wurk mooglik te meitsjen, wurde de spoarrails fuorthelle.

It stasjon fan Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Publyk is wolkom. By de spoaroergong yn Hurdegaryp wurdt sels in tribune boud. Der wurdt in soad wurk ferset yn de pear dagen dat de treinen net ride.

Technysk 'hoogstandje'

"Omdat dit dochs wol in technysk 'hoogstandje' is, liket it ús wol aardich om it foar omwenners en oare minsken dy't ynteressearre binne mooglik te meitsjen om it fan tichtby besjen te kinnen", fertelt Richard Reitsma, omjouwingsmanager fan de provinsje.

"De meast spektakulêre wurksumheden binne tongersdeitemiddei. It spoar moat earst efkes fuorthelle wurde. Der moat in soad grûn fuort. Dêrnei wurdt de betonbak dien."

Richard Reitsma, omjouwingsmanager fan de provinsje

It wurk by Hurdegaryp is nedich foar de ekstra sneltrein tusken Ljouwert en Grins, wylst it wurk by Feanwâlden past binnen de gebietsûntwikkeling fan de Sintrale As.

Yn de hjerst wurde ek it stasjon yn Ljouwert en de oerwei by de Skrâns oanpakt. By de Skrâns sille twa spoaren lein wurde. No leit dêr ien spoar. "Sa kinne der ek langere treinen ride." Boppedat wurde dan ek de perrons fan de stasjons Camminghaburen, Feanwâlden en De Westereen ferlinge.

Omliedingsrûtes

Ferkear moat ûnder de wurksumheden omride. Der binne omliedingsrûtes oanjûn. Treinreizgers wurde fan woansdei oant en mei moandeitemoarn mei bussen ferfierd.

(advertinsje)
(advertinsje)