Boeren meie fiif jier lang boppegrûnsk dong útride

19 feb 2019 - 06:57

Goed nijs foar Fryske boeren mei kij: de kommende fiif jier meie se harren dong gewoan boppegrûnsk útride. Dat hat minister Carola Schouten fan Lânbou besletten. Mar wat bestsjut dat krekt foar de boeren?

Dong ynjektor - Foto: Shutterstock.com

"Dat betsjut dat sy oan in soad betingsten foldwaan moatte, as sy dat wolle. Dan kinne se boppegrûnsk útride. In soad boeren binne dêr wiis mei", fertelt Albert van der Ploeg, foarsitter fan de feriening Noardlike Fryske Wâlden, dêr't in soad boeren by oansletten binne.

It is wichtich foar harren omdat se dan op in oare wize útride kinne, mei minder swier ark. De boeren leauwe der ek yn dat it ynjektearjen hielendal net goed is foar de grûn en it libben dêryn, leit Van der Ploeg út.

Albert van der Ploeg, foarsitter van de feriening Noardlike Fryske Wâlden

Der binne wol betingsten oan ferbûn. Sa moat 85 persint fan in boer syn lânbougrûn greide wêze. Der mei net mear as 100 kilo stikstof yn it jier struid wurde. En it oerskot mei ek net mear as 100 kilo wêze.

De regel giet tiisdei yn en boeren kinne har oanmelde oant 1 maart. Der komt noch wol in ûndersyk nei de effekten fan boppegrûnsk útride. "Yn Noardeast-Fryslân hawwe wy in regiodeal krige. Ien fan de saken dy't wy opsetten hawwe, is it saneamde fjildlab. Wy wolle ûndersyk dwaan by de boeren yn de praktyk."

(Advertinsje)
(Advertinsje)