Ofslútdyk makket rêstige nacht troch yn testnacht

19 feb 2019 - 06:26

De Ofslútdyk hat yn de nacht fan moandei op tiisdei foar it earst hielendal ticht west. Dat wie nedich om't Rykswettersteat oars de brêgen fan de dyk net teste koe. Mei spesjale kamera's en de ynset fan in spesjaal testteam waard sjoen wêr't de fout(en) yn it bestjoeringssysteem fan de brêgen krekt sitte.

Ofslutdyk makket rêstige nacht troch

Hy lei der ymposant by yn it tsjuster. De Ofslútdyk wie ôfrûne nacht tusken 22.00 oant en mei 05.00 oere ticht foar in earste jûn foar it testen fan de brêgen yn de dyk troch Rykswettersteat. Gjin auto's en frachtweinen mear dy't harren mei skinende koplampen in wei sochten troch de nacht.

Oranje jaskes yn it spier

In spesjaal testteam fan Rykswettersteat is dizze nacht yn tou. Mear as tsien oranje jaskes binne yn en om de brêgen drok oan it wurk. Dat dogge se bygelyks troch de beide brêgen tagelyk iepen en ticht te draaien. Dêrby wurdt besjoen oft de brêgen, lampkes en seinen wol dat dogge, dat se dwaan moatte.

Nei in oerke lei de boel even stil om't in steuring yn it testsysteem derfoar soarget dat de test net langer trochgean koe. Neffens Ype Heijsman fan Rykswettersteat binne dizze testdagen hurd nedich: "We testen het hart van de installatie met al zijn software en technische componenten. Onze bedieners hebben het idee dat er soms iets gebeurt wat niet hoort. En dat vertrouwen we niet."

It kin dus samar sa wêze dat it giet om in probleem mei de software dy't de brêgen oanstjoert. "Het kan inderdaad een probleem in de software zijn. Als dat zo is, hebben we een serieus probleem."

De brêge giet iepen

De brêgen yn de Ofslútdyk ha de lêste jierren regelmjittich te krijen mei steuringen yn de bestjoeringssystemen. Rykswettersteat wol der mei de testen achter komme wêr't dy steuringen troch feroarsake wurde. Ek de kommende twa nachten sil de Ofslútdyk noch ticht wêze, lykas de nachten fan 25 en 26 febrewaris.

Ferkear moat yn dizze jûnen en nachten omride. Dat kin ekstra reistiid opsmite fan in oere, melde Rykswettersteat earder al. Wurdfierder Sylvia de Bres: "Vanaf Zurich leiden we het verkeer om. Op de website www.vananaarbeter.nl kunt u zien waar u langs kunt rijden."

(Advertinsje)
(Advertinsje)