Poldermûne tusken Ljouwert en Griene Stjergebiet te keap
Tusken Ljouwert en it Griene Stjergebiet stiet in mûne te keap. De Swarte Prinsch waard yn 1900 boud mei materiaal fan in oerstallige mûne út de Zaanstreek. Oant 1960 hat er de Alddielpolder drûchmeald. Dêrnei kaam de mûne yn partikuliere hannen en hat er in skoft permanint bewenne west.
Houliksnachten
De lêste jierren waard de mûne benammen rekreatyf brûkt. Under mear foar houliksnachten wie de mûne populêr. Lizzend op it bêd is der in unyk útsjoch op it meganyk fan de mûne, om't it plafond dêr fan pleksyglês is.
By de mûne heart in stik grûn dat romte biedt om bygelyks in mûnehûs te bouwen. Yn de pear wiken dat de mûne no te keap stiet, hawwe der al sawat tsien belangstellenden del west om te sjen oft se har plannen dêr realisearje kinne.