Van Zanden: "Nije koälysje moat sa breed mooglik wurde"

18 feb 2019 - 21:18

It nije kolleezje yn de gemeente De Fryske Marren moat sa breed mooglik wurde. Dat sei fraksjefoarsitter Jan van Zanden fan it CDA yn It Polytburo. Syn partij hat gjin betrouwen mear yn de FNP, nei't dy yn de gemeenteried tsjin de sânwinning stimd hat.

Polytburo mei Jan van Zanden (titel oanpasse)

It CDA en de VVD sille no op syk nei ien of sels twa partijen. As de FNP syn beide wethâlders net weromlûkt út de koälysje, dan komt der woansdei in moasje fan wantrouwen tsjin de twa, sa liet Van Zanden witte.

FNP-fraksjefoarsitter Jan Volbeda sei moandeitejûn tsjin Omrop Fryslân dat syn fertrouwen hâldt yn de beide wethâlders.

Mar der moat dus wol in nij kolleezje komme. Dat in partij yn dat nije kolleezje tsjin sânwinning stimd hat, is net mear fan belang, fynt er.

"It dossier sânwinning is klear. It is no eventueel oan de minister of oan it sânwinbedriuw Smals om dêr wat oan te dwaan. Dêr gean wy fierder net oer. It giet derom dat wy in goed team foarmje moatte om de klus wer op te pakken."

(Advertinsje)
(Advertinsje)