Sterke kadaverstank troch knapt fentyl by Sonac Sumar

18 feb 2019 - 20:38

Omwenners fan destruksjebedriuw Sonac yn Sumar hawwe snein te kampen hân mei sterke stankoerlêst. Troch in knapt fentyl fleach de stoom sa de loft yn. By de Fryske miljeutsjinst de Fumo kamen mear as tritich klachten binnen oer de penetrante stank.

Foto: Omrop Fryslân

Erik Jacobs oer de stankoerlêst

De stank waard feroarsake troch in knapt fentyl. Dat kaam wer troch in ferstopping wêrtroch't de druk te heech waard. Mei it stikkene fentyl fleach de stoom fuortendaliks de loft yn, fertelt Erik Jacobs fan de Fumo.

By de Fumo binne in tritichtal klachten binnenkaam. Mar minsken stjoere harren klachten ek nei de gemeente, dat binne der grif mear, seit Jacobs. It krekte tal wit er net.

Nei't it fentyl knapt wie, is de produksje noch in pear oeren trochgien en dêrtroch ûntstie de stank. Pas om alve oere sneintejûn wie de stankoerlêst foarby. Direkt stillizze kin net, fertelt Jacobs. It moat stadichoan ôfboud wurde en dat duorret sawat twaënheal oere.

De stank dy't frijkaam, wie fan de kadaverferwurking, dus dat is sterke lucht, giet Jacobs fierder. De Fumo mjit de skealikens foar de folkssûnens net. Soks docht de GGD. De hiele dei binne der reparaasjes útfierd. De ferwurking is moandeitemiddei om healwei fiven wer úteinset.

Trefwurden: 
Sumar stankoerlêst Sonac
(advertinsje)
(advertinsje)