Sportoersjoch ôfrûne wykein: Reedrydmedaljes en Fryske fuotbalderby

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.
Sportoersjoch FH (titel oanpasse)
In drok wykein foar de Fryske sportwrâld mei moaie prestaasjes en sels in bûse fol medaljes by it reedriden. Mar der wiene ek echte baalmominten. Te begjinnen by SC Hearrenfean. Dy moasten yn eigen hûs tsjin PSV en dat stie der lange tiid hiel goed foar.
Mar der wie ek goed nijs. Medaljes foar Femke Kok en Michelle de Jong op WK reedriden foar junioaren.
Fierders de Fryske fuotbalderby Harkemase Boys - ONS Snits, de kuorbalwedstriid LDODK tsjin KCC, hoe diene de UNIS Flyers it it ôfrûne wykein en de Wedstriid fan de wike.