It liket wol maitiid, wat dogge de fûgels yn it lân?

18 feb 2019 - 17:23

De temperatueren binne heech en it is ek nochris sinneskynwaar. It liket suver maitiid. De natuermeldingen jouwe oan dat de maitiid deroan komt. De natuer soe sels trije wiken foar rinne. Foar guon Friezen jildt dan eins mar ien fraach: Wat dogge de ljippen?

Ljip - Foto: Shutterstock.com

"No noch gjin earste ljipaai"

Riemer Miedema fûn op 16 maart ferline jier it earste ljipaai fan 2018. Hy is dizze dagen al wer in soad by It Heidenskip yn it fjild te finen. Mar net mei it doel om te aaisykjen. "In aai fine is no noch net mooglik. Alhoewol, ferline jier miende ik dat ek en doe fûn ik yn ien kear it earste ljipaai."

Gewoan boerelân is net sa geskikt foar fûgels. Om mei swiere weinen it lân op te kinnen, wurdt it wetterpeil leech hâlden. It gers groeit hurd en dêr is net folle fretten foar de fûgels. Dêrom is Miedema no, mei in tal fanatike aaisikers út de omjouwing, dwaande mei it klearmeitsjen fan it fjld foar de fûgels. Hy rint staazje by it kollektyf Súdwestkust en sy binne dwaande mei agrarysk natuerbehear en lânskippen. Se besykje it better te meitsjen foar de fûgels.

Wetter oer it lân

Om it foar de fûgels sa oantreklik mooglik te meitsjen bringe se wetter oer it lân. Mei de boer en mei leanbedriuwen is er in pear dagen oan it pompen sadat der aardich wat wetter op it lân stie. "Dan kinne de fûgels aansen moai frette."

Riemer sjocht mei genoegen werom op syn fynst fan it earste ljipaai 2018. "Ik haw in protte reaksjes hân. Gjin lilke reaksjes. Ik tink dat de finers fan it earste ljipaai dy't it noch meinimme mochten, mear lilke reaksjes hân hawwe." Miedema mocht it aai net meinimme en dat fûn er gjin probleem. "Ik krige in brief fan ien dy't skreau: Riemer, by dy giet it net om it aai, mar om de fûgel."

Miedema hat noch gjin ljippen al oer wjuk gean sjoen. "Mar it sil wol net lang mear duorje."

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster giet mei Riemer Miedema it fjild yn

(Advertinsje)
(Advertinsje)