Wedstriid fan de Wike: 'seispunteduel' SC Hearrenfean

SC Hearrenfean spilet sneon in hiel wichtige wedstriid tsjin Fortuna Sittard. As der net wûn wurdt, bliuwt it degradaasjespûk hingjen yn it Abe Lenstra Stadion. Der stiet dus in soad druk op en dêrom is it de 'Wedstriid fan de Wike' by Omrop Fryslân.
SC Hearrenfean stiet op it fyftjinde plak yn de earedifyzje mei likefolle punten as de nûmer sechtjin, FC Emmen. "En dat sechtjinde plak jout oan de ein fan de rit rjocht op neikompetysje om degradaasje nei de earste difyzje", sa wit sportferslachjouwer Andor Faber. "Fortuna Sittard stiet alfde mei mar twa punten mear en dus is it in wedstriid mei in soad belangen."
De thúswedstriid dy't Hearrenfean earder dit seizoen tsjin Fortuna spile, waard wûn mei 3-1. Dat is de iennige thúswedstriid dy't de Feansters dit seizoen wûnen. "Wat dat oanbelanget is it miskien wol in foardiel dat Hearrenfean sneon út spilet."
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.