Westra tinkt oan klassemint

28 jun 2012 - 21:33

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje tinkt stikem oan in hege posysje yn it klassemint fan de Tour de France. De 99ste edysje fan De Ronde fan Frankryk begjint sneon, mei de prolooch yn Luik.

Nasjonaal kampioen Westra rjochtet him benammen op de tiidritten, mar as it goed giet dan sjocht hy mooglik ek nei it klassemint. Foar Westra is it syn twadde Tour de France. Nei it goede foarseizoen, mei twadde plakken yn Parys-Nice en de Trije dagen fan De Panne en nei syn nasjonaal kampioenskip tiidriden ferline wike, is de moraal mear as goed.

(Advertinsje)
(Advertinsje)