Céline van Gerner giet nei de Europeeske spelen yn Minsk
Turnster Céline van Gerner fan turnsintrum Hearrenfean giet nei de Europeeske spelen yn Minsk yn juny. It sil wer it earste optreden wurde fan Van Gerner neidat se blessearre rekke oan de achillespees. Se miste feline jier it WK yn Doha.
De Fryske bûnscoach Gerben Wiersma hat der foar keazen gjin kwalifikaasjewedstriden te organisearjen. Hy wiist se no oan. De maaitiid stiet foar de frouljusploech folslein yn it ramt fan it WK. Dêr kinne plakken foar de Olympyske Spelen ôftwongen wurde.