Skoallen moatte mear gearwurkje om foarsjenningen yn regio te behâlden

18 feb 2019 - 17:13

De koepelorganisaasje fan it fuortset ûnderwiis wol dat de oerheid mear jild jout oan skoallen yn krimpgebieten. Trochdat der hieltyd minder learlingen binne, soene meardere skoallen, yn Fryslân, Grinslân, Oerisel, Gelderlân, Seelân en Limburch driigje te ferdwinen.

Foto: Omrop Fryslân

"De situatie kan ernstig worden, maar die valt nu nog wel mee in Friesland, maar het is van belang dat we gaan anticiperen en vormen van samenwerking gaan zoeken", seit Pieter Schram. Hy is bestjoerslid by de koepelorganisaasje VO-raad. Hy is ek de bestjoersfoarsitter fan skoalmienskip Singelland yn Drachten.

"We moeten de voorzieningen in de regio in stand houden. Daarvoor moeten scholen over de muren van hun eigen school heen kijken, om zo het aanbod in de volle breedte te houden. Als leerlingen straks dagelijks dertig kilometer moeten reizen voor een school, dan hebben we wel een probleem."

Pieter Schram

(Advertinsje)
(Advertinsje)