Reclame Code Commissie tikket FrieslandCampina op fingers om fanyljefla

18 feb 2019 - 15:57

Optimel fanyljefla fan FrieslandCampina is misliedend en dêrmei yn striid mei de wet. Dat hat de Reclame Code Commissie bepaald. Der sit gjin fanylje yn de fla, wylst de namme en oare uterings op it pak wol dy suggestje wekke.

Friesland Campina - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De kontrôletsjinst Foodwatch hat dêroer in saak oanspand. De Reclame Code Commissie is it iens mei Foodwatch, mar de útspraak is net binend.

Se dogge allinnich in oanbefelling om net mear op dizze wize reklame te meitsjen. Oft it Fryske suvelkonsern him wat oanlûke sil fan de útspraak fan de kommisje is noch net dúdlik.

(advertinsje)