Spesjalist fan sikehûs Tjongerschans kin meisjen mei konsult by húsdokter

Der komt in mooglikheid ta 'meekijkconsulten' yn it súdlike part fan Fryslân. Sikehûs de Tjongerschans en De Friesland Zorgverzekeraar hawwe dêroer ôfspraken makke. By in meisjochkonsult kin in húsdokter de help ynroppe fan in spesjalist fan it sikehûs sûnder dat der in ferwizing nedich is.
Sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De spesjalist sjocht mei de húsdokter mei en jout advys, mar de húsdokter bliuwt de haadbehanneler. Pasjinten hoege op dy wize minder faak trochferwiisd te wurden nei it sikehûs. Dat skeelt kosten foar alle partijen.
Ek komme medysk spesjalisten nei bûtenpoly lykas op De Jouwer en De Lemmer. De ynfiering fan it meisjochkonsult is ûnderdiel fan it regioplan yntegrale soarch. De bedoeling fan dit plan is om soarch tichter by de boarger te krijen.