Noch oardeljier ynspeksje fan kust nei bergjen fan lêste kontener MSC Zoe

18 feb 2019 - 15:23

De strannen en diken oan de Waad- en Noardsee sille noch oardel jier neidat de lêste kontener fan de MSC Zoe oanspield is, ynspektearre wurde. Dat ha de partijen dy't by it oprêden fan de lading belutsen binne ôfpraat. Neffens de lêste sifers binne 342 konteners begjin jannewaris fan it frachtskip fallen. Dêrfan binne oant no ta 120 unike parten fan konteners burgen.

Foto: Havariekommando

Fierder sil der saakkundich advys ynwûn wurde foar it oprêden fan de microplastics. Der wurdt ek ûndersyk dien nei de ekologyske effekten fan de kontenerramp op it Waad. Ek wurde by de strânoergongen spesjale konteners pleatst, sadat besikers dêr ôffal dat se fûn ha yngoaie kinne. Sûnt jannewaris binne bergers dwaande om de lading fan it skip te bergjen.

De kosten fan de maatregels wurde deklarearre by de feroarsaker, de eigener fan MSC Zoe. De koördinaasje en monitoring fan dizze maatregelen leit by Rykswettersteat yn oerlis mei alle belutsen partijen.

Anne van der Meer

"Dat opromjen sil yndie noch moannen duorje", seit Anne van der Meer, wurdfierder by Rykswettersteat. "Noch alle dagen komme der dielen fan konteners boppe wetter. Mar we binne ús ek al oan it tarieden om de rommel dy't noch oanspiele sil om dat op te rêden. Mei safolle mooglik partijen ha we om tafel sitten en in pakket oan maatregels nommen dy't it bêste binne foar it Waadgebiet."

Op Skier sil sels in deistige ynspeksje komme. De kosten foar al it opromwurk binne foar de reder. "De vervuiler betaalt."

Ien fan de grutste kontenerskippen yn de wrâld, de MSC Zoe út Panama, hat yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019 op syn minst 345 konteners ferlern. Dat barde krekt boppe de Fryske Waadeilannen. Al it nijs oer de kontenerramp is te finen op de dossierside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)