HEA! Kuorbalbeppe Hanny wurdt 90 jier
HEA! Kuorbalbeppe Hanny wurdt 90
Hanny is 90 jier en noch altyd aktyf by kuorbalklup Lintjo yn Aldeberkeap. Se wasket al mear as 35 jier de shirts fan de jeugdteams. Elke sneon helje de bern de tassen mei skjinne shirts by Hanny op. Dat dogge se om't it gesellich is, mar ek foar de droppot fan Hanny.

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.