Zienn bout 'tiny houses' yn tún Sociaal Pension Drachten foar dakleazen

18 feb 2019 - 14:59

Zienn realisearret fiif tiny houses yn Drachten. De hûzen fan 25 kante meter komme yn de achtertún fan Sociaal Pension Drachten oan de Stasjonswei. De hûzen binne in útkomst foar dakleaze minsken dy't stipe nedich ha, mar net ûnder de 'Beschermd Wonen'-foarsjenning falle.

Foto: Google Street View

De tiny houses binne bedoeld foar dakleazen yn Smellingerlân. Minsken wenje der selsstannich en krije begelieding oan hûs. Se wenje der tydlik, maksimaal seis moannen oant in jier en sette dan de stap nei selsstannich wenjen.

De bou is al begûn. De earste bewenners wurde yn juny ferwachte.

Agatha Klijnstra fan Zienn

"It giet om dakleazen dy't wol ferlet ha fan begelieding en in dak boppe de holle, mar dy't gjin yngewikkelde diagnostyk ha en dy't no opfongen wurde kinne yn de eigen regio", fertelt Agatha Klijnstra fan Zienn. "Minsken dy't bygelyks troch in partner of famylje op strjitte set binne, mar dêr't gjin plak foar is. Wy kinne har help biede."

Der is wol ferlet fan. "Yn it lêste jier ha we tsien minsken yn de krisisopfang en fjirtjin yn de nachtopfang."

(advertinsje)
(advertinsje)