Gevel Skrâns kin stean bliuwe

28 jun 2012 - 20:47

De monumintale gevel fan it gebou op de Skrâns yn Ljouwert dat tiisdei útbaarnde, kin gewoan stean bliuwe. Dat is de konklúzje fan in earste ûndersyk troch de gemeente.

Neffens de gemeente is de gevel stevich genôch en is der gjin direkt gefaar dat er nei ûnderen komt. Wol is it needsaaklik dat der sa gau mooglik maatregels naam wurde om de gevel te ferstevigjen. Earder dizze wike waard noch tocht dat de klokgevel sa'n grut gefaar foarme dat er hoe dan ek delhelle wurde moast.

Neffens de gemeente is dat gefaar net hielendal fuort, mar binne de risiko's lyts. It is no oan de eigner fan it gebou om te bepalen wat er krekt mei de gevel wol.

Trefwurden: 
gemeente gevel Skrâns
(advertinsje)