Gean werom yn de tiid mei de 'Leeuwarden Time Machine'

Altyd al witte wollen wêr't jo Ljouwerter foarâlden wenne hawwe? Of wa't de eigener fan jo hûs wie yn 1770? Ynkoarten is dat mooglik mei de 'Leeuwarden Time Machine' fan de Fryske Akademy. Dizze ynnovative útwreiding fan HisGIS wurdt 3 maart presintearre yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert (HSL).
De Emmakade yn Ljouwert © Omrop Fryslan, Sybren Terpstra
De 'Leeuwarden Time Machine' makket ynformaasje oer Ljouwerter hûzen en harren bewenners en eigeners út it tiidrek 1750-1900 online beskikber op digitalisearre histoaryske kaarten. Wethâlder Sjoerd Feitsma sil de offisjele lansearring dwaan. Dêrnei is de webside foar elkenien te rieplachtsjen.

In histoaryske Google Streetview

Foar de Time Machine binne gegevens út âlde belestingregisters, folkstellingen, befolkingsadministraasjes en it kadaster sammele en oan inoar ferbûn. Troch in hûs of perseel oan te klikken op de kaart ferskine alle gegevens tagelyk yn byld.
Projektlieder Hans Mol: "Lange en omslachtige syktochten hearre aanst ta it ferline. It finen fan ynformaasje oer minsken, mar ek oer harren berop, leauwen en berteplak sil folle makliker wurde."
Ljouwert is, nei Dokkum, de twadde stêd dy't de Fryske Akademy opleveret yn Redbot. Dat is it digitalisearringsprogramma foar kultureel erfgoed fan de provinsje Fryslân.