Haven fan Harns sjocht net inkeld bedrigingen, mar ek kânsen yn brexit

De brexit biedt de haven fan Harns kânsen. Dat tinkt Paul Pot, de baas fan it havenbedriuw. Op it stuit is de hannel mei it Feriene Keninkryk mar lyts, mar dat kin gau oars as it yn de gruttere havens te drok wurdt troch alle ekstra kontrôles dy't nedich binne.
Brexit Harns
It regear warskôget foar it blauwe 'Brexitmonster', in meunster dat ek Paul Pot wol sjocht. "We zijn een echte zeehaven, wel kleiner dan Rotterdam. Maar juist daardoor zie ik wel kansen en kunnen we een graantje meepikken. Als het in de grotere havens drukker wordt, zullen schepen moeten uitwijken, naar bijvoorbeeld Harlingen. We kunnen schepen met een kleine hoeveelheid lading prima overslaan en een verbinding richting de oostkust van Engeland opzetten."
Hy fynt it lestich om yn te skatten oft en hoefolle wurkgelegenheid it opsmite kin.
Fiskersboaten yn de haven fan Harns © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Pot sjocht ek wol bedrigingen. "Als een lidstaat uit Europa verdwijnt, is er ook marktverlies." Foar de fiskers spilet ek dat se no foar in part yn Ingelske wetters fiskje. "Dat speelt met name bij de Urker vissers."
Paul Pot fan de Harnzer haven