"Minister is te voorbarig" oer plannen Lelystad Airport

Minister Cora van Nieuwenhuizen set de plannen foar Lelystad Airport troch. De minister seit dat yn in ynterview mei de Volkskrant. Der moatte neffens har mooglikheden komme op Lelystad foar nije fakânsjeflechten. Tagelikertiid binne aksjegroepen noch drok dwaande mei harren protest en roppe se minsken op om saneamde 'zienswijzen' yn te tsjinjen. Dat kin noch oant tongersdei.
© ANP
"Ik ben verrast", seit Rob de Wind, fan Laagvliegroutes Friesland Nee, yn reaksje op de útspraken. "We zijn nog volop bezig met het indienen van zienswijzen. Iedereen mag zijn mening geven, of je nou voor of tegen bent. Dat recht heeft elke burger. En dan moet het ook nog door de Tweede Kamer, dus de minister is wat voorbarig door dit nu al te roepen."
Neffens De Wind moat de minister harkje nei de boargers en dy serieus nimme. "Ook bij politieke partijen zijn er vraagtekens, alleen de VVD wil groeien. We zijn niet tegen het vliegveld, maar we zijn wel voor veilige routes. Over Friesland ligt een trekroute van miljoenen ganzen, en daar gaat dan zo'n vakantievlucht doorheen. Je zult maar zo'n ding in de motoren krijgen, dan kan je vakantievlucht zomaar een noodlanding moeten maken. Dat is niet onderzocht."
Rob de Wind fan Laagvliegroutes Friesland Nee