Pasjintestop op reumatology yn Antonius sikehûs yn Snits opheft

18 feb 2019 - 12:20

De pasjintestop op de reumatology-ôfdielingen fan it Antonius sikehûs yn Snits en Emmeloord wurdt fan 1 maart 2019 ôf wer opheft. In healjier lang naam it sikehûs gjin pasjinten mear oan om't ien fan de trije medysk spesjalisten fanwege in sike wurksfear thús siet.

Foto: Omrop Fryslân

Pasjinten kinne no wer ôfspraken meitsje. De Antonius Soarchgroep hat ôfspraken makke mei de oare Fryske sikehûzen om de soarch wer biede te kinnen. Yn Emmeloord sille fan 1 maart ekstra reumatologen ynset wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)