Kampanje wetterskipsferkiezingen set útein: "Der falt echt wol wat te kiezen"

18 feb 2019 - 16:30

De lanlike kampanje foar de wetterskipsferkiezingen set moandei útein. De ferkiezingen binne 20 maart, tagelyk mei de ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten. De ferkiezingen wurde kombinearre om safolle mooglik minsken nei de stimbus te lûken. Kampanjelieder Arjan Erkens hopet dat der krekt as ferline kear wer in soad minsken stimme sille. "Foarige kear hiene wy it heechste opkomstsifer fan Nederlân."

Kampanje wetterskipsferkiezingen set útein: "Der falt echt wol wat te kiezen"

By de lêste wetterskipsferkiezing wie it opkomstpersintaazje 50,1 prosint. Dêrmei skoarde Fryslân it heechste fan Nederlân. Doel is om dat persintaazje ek dit jier wer te heljen. Dêrfoar start nije wike woansdei de kampanje yn Fryslân. Kampanjelieder Arjan Erkens leit út wat krekt it doel is. "Wy besykje út te lizzen wêr't it wetterskip oer giet. De politike partijen sille harren bêst dwaan om kiezers nei de stimbus te krijen."

Eigen fokus

De klimaatsferoaring is foar alle partijen in wichtich spearpunt. Erkens: "Wy soargje foar genôch wetter foar elkenien. Wy krije allerhanne noarmen en ynstruksjes fan boppeôf oplein. It is nijsgjirrich om te sjen hoe't wy dêr mei omgean. Elke partij hat dêr syn eigen fisy op", leit Erkens út. "De Partij voor de Dieren sil benammen sjen nei it 'dierenwelzijn'. Sa hat elke partij syn eigen focus. Der falt echt wol wat te kiezen."

Wat dogge wy yn Fryslân?

Yn opdracht fan alle wetterskippen yn Nederlân is ûndersocht wat minsken al witte fan it wetterskip. Mar leafst 85% fan de Friezen nimt maatregels tsjin de gefolgen fan klimaatferoarings. Sa dûse wy yn Fryslân bygelyks koarter, sproeie wy de tún minder faak, waskje wy de auto minder faak en wolle wy de tegels yn de tún ferfange troch grien om de wetterôffier te ferbetterjen. Dat docht bliken út in enkête fan de Unie van Waterschappen, dy't dien is ûnder 161 Friezen.

Mear omtinken foar iis

Opfallend is dat Friezen it folle wichtiger fine as Hollanners dat winterdeis de gemalen ticht set wurde, sadat it iis groeie kin. De Unie van Waterschappen presentearre de útkomsten fan de enkête op de dei dat de kampanje foar de wetterskipsferkiezingen úteinset. Op MijnStem.nl is te finen wat der te kiezen falt.

Kampanjelieder Arjan Erkens

(Advertinsje)
(Advertinsje)