'Ekstra jild rolstoelferfier'

28 jun 2012 - 20:25

De ChristenUnie moat him der by de Twadde Keamerferkiezings sterk foar meitsje dat der ekstra jild beskikber komt foar rolstoelferfier. De Fryske ôfdieling fan de partij sil dêr sneon op it ferkiezingskongres in foarstel foar yntsjinje.

Yn it maaitiidsakkoart is in besuniging op it rolstoelferfier opnaam. De fergoeding soe werombrocht wurde moatte fan 19,50 euro nei acht euro op in dei. Foaral yn Fryslân sil dat hurd oankomme by minsken yn in rolstoel, dy't ôfhinklik binne fan it spesjale ferfier, seit de ChristenUnie.

De ôfstannen yn in plattelânsprovinsje as Fryslân binne grut en dêrtroch lizze in soad rolstoelbrûkers no al ta op har ferfierskosten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)