Fryske film op festival yn Italië

09 nov 2011 - 18:07

De Fryske koarte film De ein fan 'e wrâld fan regissseur Mirjam de With draait oer twa wike op in filmfestival yn de Italiaanske stêd Udine. De film is selektearre foar it festival Mostre dal Cine fan films yn minderheidstalen.

Njonken de film fan De With binne der ek films yn it Baskyks, Friûlysk, Nenets, Katalaansk, Galisysk en Sardysk. Udine is ek de stêd dêr't op 19 Novimber de achtste edysje plakfynt fan sjongfestival Liet Ynternasjonaal. Op dat festival wurdt Fryslân fertsjintwurdige troch sjongeres Janna Eijer fan Jobbegea.

(advertinsje)