Skuorren yn gebou Harns nei oefening loftmacht

It appartemintekompleks Oude Weeshuis yn Harns hat skea oprûn by de oefening fan definsje op Flylân ferline wike. De loftmacht oefene dêr doe mei it ôfsmiten fan bommen. Om't de wyn draaide, wie it lûd ek yn Fryslân goed te hearen en wiene de skokgolven te fielen.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Ien fan de bewenners fan it Oude Weeshuis seach yn syn wenkeamer skuorkes ûntstean. Ek yn de bûtenmuorre fan it gebou waard letter in skuor fûn. De feriening fan eigeners hat kontakt opnaam mei definsje. Dy komt tiisdei del om de skea te beoardieljen.
By de gemeente Harns kamen 22 klachten binnen oer de oefening fan definsje op Flylân.
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma