Slagge 60e Heamiel yn Boalsert

28 jun 2012 - 19:27

Yn de Broeretsjerke yn Boalsert is tongersdei foar de 60ste kear it tradisjonele Heamiel iten. Mear as 200 leafhawwers skoden oan foar in miel fan rys mei rezinen en brandewyn. Sy mochten pas mei iten begjinne doe't Heakeninginne Lysanne Wielsma en har hofdames Hilde Wolthuizen en Baukje Namminga te plak sieten. Ek boargemaster Apotheker moast op harren wachtsje.

Fanwege it jubileum is in boek útbrocht oer de skiednis fan de Heamieldagen. De Heamieldagen duorje mei-inoar fjouwer dagen.

Underdielen fan it feest binne stedsrûnfearten, konserten, merke, sportwedstriden en in ynternasjonaal folkloristysk dûnsfestival. In nij ûnderdiel fan it feest is de earste Boalserter DJ battle.

(advertinsje)