Pieter Weening mikt op etappe

28 jun 2012 - 18:38

De Fryske dielnimmers oan de Tour de France steane yn de startblokken. Sneon begjint yn Luik de prolooch fan de Ronde fan Frankryk. Dat is normaal net in wedstryd dêr't Pieter Weening fan De Harkema in soad kâns hat. Hy moat it ha fan de berchetappes.

Weening riidt dit jier yn tsjinst fan it Australyske Orica GreenEdge en dy jout him in frije rol. Hy fynt it lestich te bepalen wêr't er it sjen litte moat yn dizze Tour. Hy giet fansels foar in etappe, mar dat sil net maklik wurde. De earste dagen fan de Tour binne de etappes foaral flak.

Weening sil it de twadde helte sjen litte moatte.

(advertinsje)