Gemeente ferbiedt goudhannel
Yn de gemeente Skarsterlân mei gjin goud ferhannele wurde yn hoarekasaken. Neffens de gemeente is it yn striid mei de wet. De saneamde Oudgoud-byienkomsten, dêr't minsken goud ferhannelje kinne, wurde rûnom yn Fryslân hâlden yn hoarekasaken, lykas yn 't Haske en it Hajé-hotel op De Jouwer.
Yn Snits is tongersdei yn in hotel wol in oudgoud-byienkomst hâlden. De gemeente Súdwest-Fryslân siket út oft it tastien is. De organisaasje fan de byienkomsten is fernuvere oer de útspraak fan Skarsterlân. De lokale ûndernimmers binne der bliid mei.