Populariteit fan 'Nijntje' yn ferskate streektalen nimt ta

Utjouwerij Bornmeer fan De Gordyk jout al in tal jierren mei sukses Nijntje-boeken yn ferskate streektalen út. De ferhalen en tekeningen fan Dick Bruna binne al hast 65 jier favoryt by beukers en pjutten.
© Bornmeer
Mei goed 300.000 ferkochte eksimplaren binne de 'Nijntjes' yn streektalen en oare talen as it Nederlânsk populêr. Yn it Frysk binne fiif boekjes ferskynd.
It earste streektaleboekje kaam yn 2012 út, dat wie yn it Brabâns. Dêr binne ûnderwilens 15.000 fan ferkocht. Ek ferskynden boekjes yn de dialekten fan Amsterdam, Rotterdam, Maastricht, Grinslân, Drinte, mar ek yn de âlde talen Gryksk en Latyn.
Ferline jier binne der oersettingen bykommen yn it Biltsk, Ljouwerters en Antwerps. Ferline wike kaam dêr it Sallands by.
© Bornmeer