Ingwierrum krijt in iisbaan

28 jun 2012 - 17:22

De kâns dat ynwenners fan Ingwierrum dizze winter ride kinne op in eigen iisbaan is in stik grutter wurden. Iisklup Strijdlust wol fan it âlde fuotbalfjild yn it doarp in multyfunksjoneel sportfjild meitsje, ynklusyf iisbaan.

Plattelânsprojekten makke woansdei bekend dat it 10.000 euro beskikber stelt foar it plan. Yn totaal moat der 50.000 euro op it kleed komme. Dit jild komt fan fûnsen en fan bydragen fan doarpsbewenners sels. Doel is om dizze winter de baan klear te hawwen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)