Saak Sweagerbosker oanhâlden

© Omrop Fryslân
De ynwenner fan Sweagerbosk, dy't jannewaris ferline jier oppakt waard op in skoalplein op It Hearrenfean omdat er dêr mei in mes stie te swaaien, hoecht net ûndersocht te wurden yn it Pieter Baan Centrum. Dat hat it gerjochtshôf woansdei bekend makke.
De advokaat fan de fertochte fûn dat der al genôch ûndersyk nei de man dien is. It gerjochtshôf is dat no mei him iens. Ek giet it gerjochtshôf mei yn it fersyk fan de advokaat om mear tsjûgen te hearren. De behanneling fan de saak wurdt dêrfoar op syn meast trije moanne stillein. Dy behanneling is nedich omdat de fertochte heger berop oantekene hat tsjin de fjouwer jier selstraf dy't er earder oplein krige. Der wurdt noch ûndersocht oft de fertochte it ferfoch fan de saak yn frijheid ôfwachtsje kin.