Jild foar supermerk Earnewâld

28 jun 2012 - 16:43

De supermerk fan Earnewâld krijt 50.000 euro út de pot fan plattelânsprojekten foar útwreiding. Der komt in kofje- en keunsthoeke by, dêr't keunst eksposearre wurde sil. Dêr kinne winterdeis ek doarpsaktiviteiten plakfine.

Eigener Anje Wester tinkt dat útwreiding fan it winkelkonsept de takomst is foar in soad doarpswinkels. Mei allinnich iten en drinken ferkeapje rêde winkels it net mear.

Trefwurden: 
supermerk keunst
(advertinsje)