Operaasje foar Van der Laan

28 jun 2012 - 16:34
Foto: (c) Datawiresport

Martijn van der Laan is goed seis wike út de rûlaasje. De Cambuur ferdigener wurdt operearre oan de bûkspier en mist dêrtroch de folsleine tarieding.

Van der Laan sukkelet al langer mei dizze blessuere, hy miste ûnder oare de play-off wedstriden oan de ein fan foarich seizoen. Troch it fuortfallen fan Van der Laan is de Cambuurdireksje op syk nei noch twa sintrale ferdigeners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)