Weening sneon op 'e bank by de Boys

09 nov 2011 - 17:38
Foto: aw.foto.nl

Willem Weening sil kommende sneon plaknimme op de bank by de Harkemase Boys. Hy sil tegearre mei Konrad Ongersma tongersdeitejûn ek lieding jaan op de training. Weening is in tydlike oplossing.

De klup sil noch fierder noch op syk nei in trainer foar de perioade dat Wieb Rodenhuis siik bliuwt. Weening hat jierren assistint-trainer west by Harkemase Boys. Sneon spilet Harkmase Boys it degradaasjeduel tsjin Montfoort.

(Advertinsje)
(Advertinsje)