Untslaggen by Tadema Ljouwert

By boubedriuw Tadema yn Ljouwert krije 36 fan de 56 wurknimmers dien. As gefolch fan de ekonomyske krisis en de malêze yn de bou moat it bedriuw no yngripe. De ûntslaggen falle allinnich by de festigings fan Tadema yn Ljouwert. De ôfdieling yn Grins draait goed. Mei de fakbûnen is in sosjaal plan ôfpraat.
Ek by metaalbedriuw Holtrop en Jansma yn Dokkum falle ûntslaggen. Dêr krijt de helte fan it personiel fan 50 man dien. Ek hjir leit de oorsaak yn de ekonomyske krisis. Hjir is ek in sosjaal plan ôfpraat mei de fakbûnen.