Rekonstruksje sintrum moat Kollum wer op 'e kaart sette

Yn Kollum wurdt hurd wurke oan de werynrjochting fan it sintrum. It histoaryske karakter moat weromkomme en it doarp moat better berikber wêze oer it wetter. Lâns de kaden fan de Easterdjips- en Westerdjipswâl komme nije stielen daamwanden. "Wy wolle Kollum wer op de kaart sette", seit Boele Dijkstra fan de gemeente Noardeast-Fryslân.
Rekonstruksje sintrum moat Kollum wer op 'e kaart sette
Bauke praat mei Boele Dijkstra fan de gemeente
Ferline jier waard it rioel yn it sintrum fan Kollum al opknapt. No sil de houten wâlsbeskoeiïng oanpakt wurde. Oannimmer Koninklijke Oosterhof Holman hat foar it wurk yn Kollum twa masines út Ingelân helje litten, dy't de stielen daamwanden hiel stadichoan yn de boaiem drukke. Sa besiket de oannimmer foar te kommen dat troch trillings by it heien skea ûntstiet. Foar de kaden fan de Djipswallen komt in mitselle kade, dy't better by it histoaryske karakter past.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Bauke sjocht by de Ingelske wurklju
Sa'n 15 oant 20 minsken wurkje oan de rekonstruksje fan it sintrum. It wurk moat yn juny fan dit jier klear wêze.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra