File nei ûngelok op de A7 by Drachten

18 feb 2019 - 08:40

Ferkear moast moandeitemoarn rekken hâlde mei in file op de A7 tusken Grins en Drachten by de ôfrit Fryske Peallen. De file ûntstie neidat meardere auto's mei elkoar yn botsing kamen. Dêrby rekke ien fan de bestjoerders ferwûne.

Foto: SR Fotografie

Hoe't it ûngelok krekt barre koe, moat noch ûndersocht wurde. Ek is it net bekend hoe slim de ferwûnings fan de bestjoerder binne.

Trefwurden: 
Drachten A7 file Fryske Peallen
(Advertinsje)
(Advertinsje)