Kollum: "Klimaatspijbelen"

"'Klimaatspijbelen'; it koe samar wolris it 'wurd fan 2019' wurde. Trije wike lyn kamen 15.000 learlingen nei it Malieveld om polityk Den Haach sjen en hearre te litten dat der wat harren oanbelanget strangere regels komme moatte om it miljeu te beskermjen. En dat holp, want Rutte en Wiebes nûgen de learlingen út foar in petear. Allinnich smiet dat net sa folle op.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
En dus komt der in nije demonstraasje en wol op tongersdei 14 maart. Op 'e nij ûnder skoaltiid dus. Allegear leuk en aardich, mar wat hellet it út, freegje ik my ôf. Al dy bern steane dêr mei moaie buorden, mar dan? De kâns is grut dat dy pamfletten nei ôfrin yn de jiske-amer bedarje en dat wie dan dat. Ik ha dêrom in oar plan.
Ofrûne tongersdei hie ik myn jierdei. It wie prachtich waar dus de bern koenen moai bûten boartsje. It duorre mar efkes of se kamen mei syn fiven wer binnen om plastic pûden. "Wat sille jim dan by d' ein ha?" fregen wy. Se woenen opromje. Yn de berms en de boskjes lei allegear rommel en dat koe sa net langer. Dus soe der mei fiif man sterk opromme wurde. Okeu. De hiele famylje stie der fersteld fan.
Fiif grutte jiske-amerpûden fol mei rommel ha se by elkoar socht. Se waarden hoe langer hoe fanatiker. Op kop en earen dûkten se yn 'e boskjes om dat lege blikje RedBull te pakken. Bôlepûdsjes, drinkfleskes, hûnepoeppûdsjes; alles waard meinaam. En dat al sjongende, mei teksten as: 'Help het klimaat, voordat de wereld vergaat' en 'Help het klimaat voordat er een plastic soep ontstaat'. Mei oare wurden: de bern hienen in prachtmiddei.
Underweis kamen se noch wol in lulke man tsjin. Dy hie wat roppen yn de trant fan: "As jim dy rommel yn 'e sleat smite, dan set ik jim op 'e foto en belje ik de plysje". It kaam kenlik net yn de man op dat ús jeugd rommel opromme yn plak fan it fuort te smiten. Mar der wiene ek hiel leave reaksjes. Sa krigen se snoepkes fan in frou dy't it prachtich fûn dat se de hannen út 'e mouwen stutsen foar de natoer.
Dat sette my oan it tinken. Wat no as al dy 15.000 bern dy't 14 maart wer spijbelje sille, no ris yn harren eigen doarp of stêd de dyk op gean yn plak fan nei it Malieveld. Allegear yn harren eigen buert mei sa'n griperke en in plastic pûde de dyk op om de rotsoai op te romjen. Underwilens kinne se wol leuzen roppe, sa't se dat yn Den Haach ek dogge. Ik bin der wis fan dat it dan folle mear minsken opfalt as no yn Den Haach.
As yn alle doarpen en steden op 14 maart samar ynienen bern omrinne dy't opromje; wat in moai statement soe dat wêze. Mochten Rutte en Wiebes aanst op 'e nij de noas ophelje foar dizze twadde demonstraasje, dan hat it dochs noch wat opsmiten. Dan binne ús doarpen en steden yn elk gefal in stik skjinner. Uteinlik is dat pas echt winst foar de natoer."