Foppe: Cruijff nije bûnscoach

28 jun 2012 - 14:43

Neffens Foppe de Haan soe Johan Cruijff de bêste opfolger wêze as bûnscoach foar it Nederlânsk fuotbalalvetal. Mar neffens De Haan mei hy net fan syn frou. Dat seit hy nei oanlieding fan it opstappen fan bûnscoach Bert van Marwijk.

De Haan wie sels yn it ferline bûnscoach fan Jong Oranje en trainer fan SC Hearrenfean. Hy hie it fuortgean fan Van Marwijk yn earste ynstânsje net ferwachte, al waard it yn de rin fan de wike wol hieltyd logysker.

(Advertinsje)
(Advertinsje)