Twa hurdriders op 'e bon slingere

De plysje hat snein twa Fryske hurdriders oanhâlden. In 41-jierrige Ljouwerter ried op de Wâldwei by Warten 47 kilometer te hurd op de 100-kilometerdyk. Der is proses-ferbaal tsjin de man opmakke.
© ANP Foto
In 24-jierrige bestjoerder út Sint-Anne waard op de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert troch de plysje oan de kant set. De man ried 49 kilometer te hurd op de 80-kilometerdyk. Ek tsjin him is proses-ferbaal opmakke.