Offaloven Harns sân wiken ticht om lekkaazjes yn tsjettel op te lossen

18 feb 2019 - 07:17

De ôffaloven fan Harns giet fan freed 22 febrewaris ôf sân wiken ticht. Dan wurdt der in grutte reparaasje útfierd. Dy kostet in pear miljoen euro. Jelmar Helmhout, wurdfierder fan Omrin: "Er worden veel pijpen vervangen, waardoor we minder roestvorming in de pijpen krijgen. Daardoor hebben we minder last van 'klappijpen'. Die pijpen zorgden voor problemen en storingen. Daarmee verwachten we dat de REC minder storingen zal hebben."

De lêste tiid binne der in protte steuringen by de REC. Meastentiids wurde se feroarsake troch lekkaazje yn de tsjettel. Middenyn de tsjettel is it fjoer foar it ferbrânen fan it ôffal. De wand fan de tsjettel is beklaaid mei tegels en achter de tegels sitte in hiel soad pipen. Dêr komme allegearre stoffen trochhinne.

"Door het zoutzuur gaan de pijpen snel roesten, sneller dan gedacht. Op een gegeven moment roesten ze door. Dan krijg je een klappijp", seit wurdfierder Jelmar Helmhout fan Omrin. In klappiip soarget foar lekkaazje fan de tsjettel en dan wurdt de ôffaloven stillein.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Grutte operaasje

In grut part fan de wand en pipen wurdt no ferfongen. It giet yn totaal om 340 kante meter. De nije pipen ha in ekstra beskermlaach dy't derfoar oargje moat dat se minder fluch rustkje. Helmhout: "Er werken de komende zeven weken 150 mensen extra mee. Er is een paar miljoen euro mee gemoeid, het is een investering in de toekomst."

Mei de reparaasje hopet Omrin dat yn de takomst foar te kommen. Dochs is it net hielendal wis oft der hielendal gjin steurings mear komme. Helmhout: "Een dergelijke installatie zal altijd last hebben van storingen, dat is helaas niet te voorkomen."

Links in stikkene piip, yn it midden yntakte âlde pipen, rjochts in nije piip mei in ekstra beskermlaach. - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

It ôffal dat gewoanwei yn Harns ferbrând wurde soe, wurdt yn de sân wiken dat de oven ticht giet yn oare ovens ferbaarnd, of it wurdt opslein oant de oven wer brûkt wurde kin.

Jelmar Helmhout, wurdfierder fan Omrin

(advertinsje)
(advertinsje)