Ofslútdyk op slot: ferkear moat omride sadat Rykswettersteat de brêgen teste kin

18 feb 2019 - 06:49

De Ofslútdyk is de kommende jûnen en nachten ticht, sadat Rykswettersteat de brêgen teste kin. It giet om de nachten fan 18 oant en mei 20 febrewaris en om de nachten fan 25 en 26 febrewaris. De Ofslútdyk is dan fan 22.00 oant en mei 05.00 oere ticht foar al it ferkear op de A7.

Foto: ANP

Sylvia de Bres fan Rykswettersteat leit út wat der krekt test wurde sil. "Het gaat om het testen van de bruggen om te kijken of ze doen wat ze moeten doen en te ontdekken waar precies het probleem zit. We weten dat er af en toe problemen zijn, maar niet waardoor die problemen ontstaan. Uit de informatie die we vergaren, kunnen we kijken wat we moeten aanpassen in het systeem."

Ekstra reistiid

Ferkear moat yn dizze jûnen en nachten omride. Dat kin ekstra reistiid opsmite fan in oere, meldt Rykswettersteat. De Bres: "Vanaf Zurich leiden we het verkeer om. Op de website www.vananaarbeter.nl kunt u zien waar u langs kunt rijden."

Hinder foar skipfeart

Ek it skipfeartsferkear moat rekken hâlde mei hinder. Boaten kinne fan 18 oant 20 febrewaris yn de nacht net troch de slûs fan Koarnwertersân. De slûs fan Den Oever is wol beskikber. Op 25 en 26 febrewaris is de slûs by Den Oever ôfsletten, mar dan kinne de skippen wer troch de slûs fan Koarnwertersân.

Ekstra kamera's

Rykswettersteat hat de ôfrûne tiid ekstra kamera's pleatst om de draaibrêgen yn de dyk feiliger te meitsjen. De brêgen ha de lêste jierren regelmjittich te krijen mei steuringen yn de bestjoeringssystemen. Dy nije apparatuer wurdt de kommende tiid testen en dêrom is it nedich dat de dyk tydlik op slot giet.

Sylvia de Bres fan Rykswettersteat

Trefwurden: 
Ofslútdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)