Tûmba tige wiis mei hegere strafeasken by transgenderdiskriminaasje

17 feb 2019 - 21:48

Antydiskriminaasjeburo Tûmba fynt it in goeie saak dat Justysje hegere straffen easket yn saken dêr't diskriminaasje fan transgenders of transseksuelen in rol by spilet.

Tumba

"Deze strengere aanpak geeft aan dat de overheid het probleem erkent", seit direkteur Mirka Antolovic fan Tûmba.

"Transgenders en transseksuelen voelen zich serieus genomen in hun probleem, dat het niet zomaar iets is om gediscrimineerd of uitgesloten te worden."

Strafeask twa kear sa heech

Minsken dy't transgenders en transseksuelen diskriminearje, wurde fan dit jier ôf hurder oanpakt. Sûnt 1 jannewaris easket it Iepenbier Ministearje hegere straffen yn saken dêr't sokke diskriminaasje in rol yn spilet. Neffens Antolovic kinne de strafeasken no twa kear sa heech wêze as earst.

Der wiene al hegere strafeasken yn diskriminaasjesaken dêr't homo's it slachtoffer fan wiene.

Diskriminaasje op it húske

Yn Fryslân ha der dit jier noch gjin saken west dêr't diskriminaasje fan transgenders en transseksuelen yn de oanklacht stie.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Antolovic kin gjin sifers jaan, mar se seit dat diskriminaasje geregeld foarkomt: "Voorbeelden zijn er genoeg. Sommigen krijgen in toiletten opmerkingen naar hun hoofd geslingerd over welke wc ze kiezen. In ernstige gevallen gaat het om mishandeling op straat."

Justysje jout de oanpak fan diskriminaasje prioriteit, want "elke burger heeft recht op gelijk behandeling". Boppedat, seit Justysje, kin diskriminaasje leide ta "verstoring van de openbare orde, tot gewelddadigheden, en tot verregaande conflicten".

(Advertinsje)
(Advertinsje)