Auto botst tsjin bank dy't midden op de sneldyk leit

17 feb 2019 - 20:12

Op de Sintrale As is in auto tsjin in bank oan botst. Dat barde sneintejûn, by Wâlterswâld. It wie al tsjuster.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder fan de auto soe net ferwûne rekke wêze. De auto rekke wol skansearre. En it bankstel wie ek net mear hielendal yn oarder.

It is net dúdlik hoe't it meubelstik op de dyk telâne kaam is. It kin wêze dat it fan in oare auto ôf fallen is. De plysje ûndersiket de saak.

Ien rydstrook fan de N356 hat koarte tiid ticht west om in berger de gelegenheid te jaan de skansearre auto fuort te slepen. Hy hat de bank ek meinaam.

Trefwurden: 
ûngelok Sintrale As bank
(advertinsje)