Listlûker Theun Wiersma sjocht 50Plus as 'griene partij'
"Wy binne in griene partij. It miljeu, it lânskip en de natoer bin allegear fan grut belang yn Fryslân. Logysk dat we ús dêr foar ynsette." Dat sei 50Plus-listlûker Theun Wiersma snein yn it radioproramme Buro de Vries.
"As we de kar meitsje moatte tusken ekonomy of natoer, gean wy foar de natoer", seit Wiersma. Dochs moast er tajaan dat it net de earste prioariteit is fan de partij. "Dat binne fansels de senioaren."
Wiersma sjocht benamme kânsen foar lytsskalige ferfiersprojekten om de mobiliteit op it plattelân op nivo te hâlden. Yn de rekreaasje sjocht er mooglikheden om âlderen sûnder wurk wer perspektyf te jaan.
Hoareka-ûndernimmer Geesje Duursma foel him dêr yn by: "Sjoch mar ris yn Amearika, dêr sjogge jo in soad senioaren dy't yn de rekreaasje wurkje."