Maitiidswaar: "Ik ferwachtsje dit jier gjin Alvestêdetocht mear"

17 feb 2019 - 17:42

Fryslân genietet fan de waarmte, op de earste offisjele maitiidsdei fan it jier. Dêr is sprake fan as it yn De Bilt waarmer wurdt as 15 graden.

De Falom - Foto: Robin van der Land

Yn Bartlehiem is in man dwaande mei it snoeien fan in roazehage. Hy wennet oan de Alvestêderûte.

"Dizze hage is myn beskerming tsjin it publyk dat hjir mei in Alvestêdetocht komt. Mar mei dit waar tink ik net dat der noch ien komt dit jier. Dêrom kin ik no mei in feilich gefoel snoeie."

Moai Waar yn Bartlehiem

Neffens waarman Piet Paulusma hâldt it maitiidswaar de kommende dagen oan. "De iene dei hat wat mear sinne as de oare, mar de temperatueren bliuwe yn de dûbelde sifers."

Trefwurden: 
waar maitiid
(Advertinsje)
(Advertinsje)