Mear medaljes foar Femke Kok en Michelle de Jong op WK foar junioaren

Op de lêste dei fan it WK foar junioaren ha de Nederlânske froulju in sulveren medalje helle op de ploege-achterfolging, en in gouden medalje op de teamsprint.
© ISU op YouTube
De teamsprint is in nij ûnderdiel, dêr't trije riders starte, en alle ronden ien persoan ôffalle moat. Foar Nederlân ried Femke Kok fan Nij Beets de earste ronde. Se waard dit wykein wrâldkampioen allroud.
Femke Beuling, út Emmeloard, wie de twadde rydster, en de slotronde wie foar Michelle de Jong, fan Rottum. Sy pakte sneon in gouden medalje op de 1000 meter.
Mei in tiid fan 1:31.72 wiene de Nederlânske froulju mear as twa sekonden flugger as de nûmer twa, Ruslân.

Japan te sterk op ploege-achterfolging

By de ploege-achterfolging stiene der njonken Femke Kok gjin oare Friezinnen yn de baan. Se ried mei Robin Groot en Paulien Verhaar. De froulju liken op wei nei it goud, mar se koene net op tsjin Japan.
It ferskil wie minder as in hele sekonde.
It WK foar junioaren waard ferriden yn it Italiaanske Baselga di Piné, op in bûtenbaan. Kok hie net ferwachte dat se dêr wrâldkampioen allround wurde soe. Se hie noch noait op in bûtenbaan riden.