LIVE: Rôffûgels stride om in plakje yn de Alde Feanen

17 feb 2019 - 16:00

Yn de Alde Feanen hat natoerorganisaasje It Fryske Gea tegearre mei de Fûgelbeskerming webcams ynstallearre by it nêst dêr't foarich jier in see-earn en in hauk op sieten.

Foarich jier koene natuerleafhawwers de striid tusken de beide rôffûgels ek al folgje. Beide bisten hiene itselde plakje op it each.

Dit jier is der in ekstra kamera ophongen. Dy hinget in lyts eintsje fierderop, by it saneamd plukplak fan de hauk. Dat is it plak dêr't de fûgel de proaidieren ree makket om oan de jongen te fuorjen.

"Daarnaast trekt de plukplaats ook andere nieuwsgierige dieren," seit de Fûgelbeskerming. "Een camera met verrassingselement dus."

Dit binne rjochtstreekse bylden fan it plukplak.

Neffens de Fûgelbeskerming binne de hauk en de see-earn al sjoen yn de buert fan it nêst mei de kamera.

"Ik verheug me nu al op alle mooie beelden", seit Sip Veenstra, fan It Fryske Gea. "De verbazing, het niet weten, maar ook de vele verrassingen die we vast en zeker weer te zien krijgen. Het blijft leerzaam de natuur van zo dichtbij te kunnen volgen."

Al twa jier op rige binne der jonge see-earnen grutbrocht yn de Alde Feanen. Neffens de Fûgelbeskerming fleane der no trije om. Se groeie hurd, en soene ek sjoen wurde yn de Grutte Wielen, by Ljouwert.

Dit binne rjochtstreekse bylden fan it nêst.

De hauk docht it ek goed, seit de Fûgelbeskerming, foaral as je sjogge wat er foarich jier trochstien hat. "Denk aan de aanvallen van de zeearend, maar ook van een nijlgans." Fan de fjouwer haukepykjes wiene fjirtjin oeren letter trije alwer dea.

De fûgelbeskerming meldt dat de kamera's dy't by it nêst hingje oan bliuwe oant alle jongen útflein binne.

Behalve de livebylden binne der ek blogs en fideo's te sjen by it Fryske Gea en de Fûgelbeskerming. En yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân prate we geregeld mei fûgelkenner Jan de Boer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)