Weening sakket yn klassemint op twadde dei Tour of Oman

17 feb 2019 - 13:45

De Fryske hurdfytser Pieter Weening is snein op de twadde dei fan de Tour of Oman sakke nei it 114e plak yn it tuskentiidske klassemint. De Fries stie sneon noch op it 109e plak.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De wedstriid oer in trajekt fan goed 156 km waard snein wûn troch de Kazak Alexei Loetsenko. De renner fan Astana fersloech yn de sprint om de deioerwinning de Noar Alexander Kristoff, de winner fan de iepeningsetappe. De Súd-Afrikaan Ryan Gibbons kaam as tredde oer de einstreek.

Bêste Nederlanner fan dizze etappe is Huub Duyn fan team Roompot, itselde team as Pieter Weening. Niki Terpstra einige as 25e en Tom Jelte Slagter as 34e. Boy van Poppel dy't nei de iepeningsetappe de heechst klassearre Nederlanner wie, waard snein 47e.

Sprinter Kristoff fan it Team Emirates bliuwt oan de lieding yn it algemien klassemint.

De Tour of Oman hat fan sneon ôf alle dagen in etappe. Tongersdei is de lêste etappe en kin it einklassemint opmakke wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)